Soad Friezen feilich nei orkaan Irma yn Karibysk gebiet

07 sep 2017 - 17:45

In soad Friezen dy't woansdei yn it Karibysk gebiet yn de orkaan sieten, binne feilich. It kontakt mei sawol Saba as Sint Maarten ferrint dreech, mar de measte famyljes binne yn it heitelân binne op 'e hichte steld fan de situaasje.

Friezinne-om-utens Anna Lautenbag en har húshâlding wenje op Saba. Sy hawwe de orkaan Irma goed trochstien. Se appte tongersdeitemiddei dat de famylje feilich is, hoewol't de besite fan de orkaan wol in yntinse ûnderfining wie. Ek Bojanna Koster is feilich, skriuwt har mem op Facebook. De Friezinne wennet no in jier op Saba en jout les op in basisskoalle. Yn har omjouwing is hast gjin skea. De oare kant fan it eilân is wol bot troffen troch orkaan Irma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)