Tjalling van den Berg beneamd ta ridder

07 sep 2017 - 17:29

Turncoach en trainer Tjalling van den Berg fan It Hearrenfean hat tongersdeitemiddei in keninklike ûnderskieding krige. Van den Berg is beneamd ta ridder yn de oarder fan Oranje Nassau. Dat wie by it ôfskied fan it Friesland College.

Van den Berg hat hast fjirtich jier turnlearaar west, mar ek turntrainer en bûnscoach by it keatsbûn KNKB. De lêste tsien jier is er ek aktyf as ´ecocoach´. Dat betsjut dat er minsken en harren doelen sintraal stelt en besiket minsken harren eigen talint en krêft ûntdekke te litten.

Trefwurden: 
Tjalling van den Berg
(Advertinsje)
(Advertinsje)