Feilige fytsrûte Weidum-Ljouwert, folgje de pylken
Tusken Weidum en Ljouwert wurdt nije wike it saneamde 'Pieperpad' iepene. Dat is in feilige fytsrûte dy't betocht is troch bern út Weidum dy't foar it earst nei skoalle yn Ljouwert gean. Yn it Nederlânsk wurde sokke bern ek wol 'brugpiepers' neamd, sadwaande de namme.
De rûte wurdt mei pylken op de dyk oanjûn. By de Van Harinxmabrêge splitst de rûte yn fiven, nei de ferskate skoallen yn de stêd en ek dat wurdt mei pylken oanjûn. En der stiet yn de earste wike ek noch in tekstkarre mei in ferwizing nei de skoallen.