"Gemeenten moatte oandielen Eneco hâlde"

07 sep 2017 - 16:19

It Amelân, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân moatte harren oandielen yn enerzjybedriuw Eneco hâlde. Dat advys jouwe de boargemasters en wethâlders fan dy gemeenten oan de gemeenterieden mei. Dy moatte ynkoarten beslute hoe't se fierder sille mei dy oandielen.

De fjouwer kolleezjes fan b. en w. fine dat de oerheid in flinke finger yn de brij hâlde moatte as it giet om enerzjyfoarsjennings en de oergong nei griene enerzjy. Mei it besit fan oandielen hâlde se dat sels yn de hân. Boppedat, sizze de kolleezjes, is Eneco in sûn bedriuw dat de gemeenten ek nochris jild opsmyt. Se binne der ek goed oer te sprekken dat Eneco mei in soad entûsjasme wurket oan griene enerzjy út wyn, sinne en oare boarnen.

(advertinsje)
(advertinsje)