Ooststellingwerfs Belang hat petysje tsjin fleanrûtes online

© Omrop Fryslân
De fraksje fan Ooststellingwerfs Belang hat in petysje op ynternet set om te protestearjen tsjin de fleanrûtes fan fleanfjild Lelystêd. Yn de plannen foar dy rûtes komme fleantugen sa leech oer, dat se foar oerlêst soargje. Yn de earste opset soe Eaststellingwerf der neat fan fernimme, want de rûtes giene mear oer Súdwest-Fryslân. Mar nei protest út dy hoeke wei, binne de plannen oanpast en soene se no oer it súdeastlik part komme, mei dêryn kwetsbere natuergebieten.
Ooststellingwerfs Belang hat de saak oankaart yn de gemeenteried en ek dy ferset him tsjin de plannen.