"Rients wie in geweldich kabaretier, sjonger, dichter"

"Mei Rients ferlieze wy in geweldige kabaretier, tekstskriuwer, sjonger en dichter. Ik sil him misse." Dat seit sjonger Syb van der Ploeg. Rients Gratama ferstoar woansdeitejûn yn de âldens fan 85 jier.
"Oant it lêst ta wie Rients dwaande mei nije dingen. Net te begripen dat dat no oer en foarby is. De lêste jierren hie er wolris tsjinslaggen, en dan gie it dreech. Mar as er der wer wie, dan gie it hurd en wie de kwaliteit heech. Yn in oerke koene wy in soad út de wei sette."
Simmer 2000
"Syn hichtepunt wie foar my it súkses dat er hie, en op persoanlik nivo de wille dy't wy hiene by de repetysjes. Fansels syn krewearjen foar Simmer 2000 (Simmertime), mar ek - fan resinter datum - in krystmusical op It Hearrenfean. "
Almere Kolere
"Rients skreau meastentiids de teksten. Hy wie in goede learaar en in ynspirearjende regisseur. Hy wist presys hoe't er it hawwe woe. Bygelyks by it protestliet 'Almere Kolere' dat er skreau tsjin de nije iisbaan dy't mooglik by Almere komme soe. De KNSB woe it wedstriidriden út Fryslân wei hawwe. Striidber as er wie, fûn Rients dat soks nea barre mocht. It wedstriidriden moast yn Fryslân, op It Hearrenfean, bliuwe. En sa is it ek kaam. Almere is fan de baan"
Fryske muzykteksten
"Rients hat in grut oandiel hân yn de Frysktalige muzyk,"seit Syb van der Ploeg. "Guon fan syn teksten binne mear as fyftich jier âld en se stean noch as in hûs."
Syb is troch Rients syn famylje frege om te helpen mei wat saken en dêr is er no mei dwaande. "Fijn dat ik op dy manier wat dwaan kin."
Weromrop.nl sjocht werom op Rients Gratama
Op www.weromrop.nl, de website mei it fideo-argyf fan Omrop Fryslân, binne ferskate útstjoerings mei en oer Rients Gratama werom te sjen. Lykas it iepenings- en slotkonsert fan Simmer 2000, in ôflevering fan Van Tuinen Thús en in trijelûk út 1997 oer de karriêre fan Rients.