Utslaande keukenbrân yn Drachten

07 sep 2017 - 15:55

Yn in flat oan de Lysterstrjitte yn Drachten hat tongersdeitemiddei in keuken yn de brân stien. De brân wie útslaand en dêrom waard opskaald nei middelbrân. De earste spuitauto dy't by de brân kaam, hie maleur en dêrom waarden mear blusgroepen oproppen om te helpen by it bluswurk.

De brân wie dêrnei gau ûnder kontrôle. Gjinien rekke ferwûne by de brân. It is net bekend hoe grut oft de skea is.

Trefwurden: 
brân brânwacht Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)