Fertochte oanriding Grienewei oanhâlden

07 sep 2017 - 15:48
De frou naaide út de blauwe auto en liet dy midden op 'e dyk stean - Foto: ASMedia

De plysje meldt dat sy in fertochte oanhâlden ha fan in oanriding woansdei op de Grienewei yn Ljouwert. In 60-jierrige fytser waard dêr fan achteren oanriden troch in auto. De bestjoerster ried dêrnei troch, dwers troch in ôfsetting hinne. By de folgjende ôfsetting bleau se stykjen, in omstanner hat doe har autokaaien ôfpakt. De frou naaide dêrnei út. Neffens de plysje giet it om in frou fan 43 út de gemeente Kollumerlân. Der wurdt fierder ûndersyk nei har dien.

Trefwurden: 
oanriding
(Advertinsje)
(Advertinsje)