Rossi yn basis by SC Cambuur tsjin Jong FC Utrecht

07 sep 2017 - 14:15

Karim Rossi begjint freed yn de basis by SC Cambuur, dat it opnimt tsjin Jong FC Utrecht. Trochdat Martijn Barto blessearre is oan syn boppeskonk, makket Rossi syn debút yn de basis. De ferwachting is dat Barto takom wike wer ynsetber is. Fierder hat trainer Marinus Dijkhuizen in basisplak ynromme foar Kevin van Kippersluis en Justin Mathieu. Dat giet ten koste fan Omar El Baad en Issa Kallon. Cambuur spilet tsjin Jong FC Utrecht wer yn it fertroude 4-3-3-systeem en net, sa as ferline wike tsjin FC Volendam, mei fiif ferdigeners.

Dijkhuizen tinkt dat der freed net in soad spilers fan it earste meidogge by Jong FC Utrecht: "Over het algemeen spelen ze op vrijdag met hun eigen beloftengroep. Ze hebben een goede ploeg met een goede organisatie. Wij zijn het aan ons stand verplicht om ons wil op te leggen en hopelijk drie punten hier te houden", fertelt Dijkhuizen, dy't njonken Barto ek net beskikke kin oer Marvin Peersman (skorst) en Darren Rosheuvel (blessearre). Dijkhuizen ferwachtet dat ferdigener Jordy van Deelen nije wike wer oanslút by de wedstriidseleksje. Van Deelen hat tongersdei foar it earst wer hielendal meitraind.

Freed yn Fryslân Hjoed in reportaazje oer Karim Rossi, de nije spits fan SC Cambuur.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)