Reedrydmuseum Hylpen krijt houtsjes prinses Wilhelmina

It reedrydmuseum yn Hylpen is in topstik riker. It museum hat fan in partikulier de redens krigen fan doetiids noch prinses Wilhelmina. De redens binne fan 1893, Wilhelmina wie doe 13 jier. De skinker hat de redens krigen fan in âld-kollega dy't se op souder lizzen hie. De man fan dizze âld-kollega wurke as putsjeman by de keninklike famylje. Hy hie de redens fan prins Bernhard krigen.