Man út Appelskea oanhâlden foar bedriging yn Smilde

07 sep 2017 - 12:20
Foto: ANP

De plysje hat in 43-jierrige man út Appelskea oanhâlden foar bedriging. Dat barde mei de help fan in tsjûge en partikuliere kamerabylden. Oan de Kanaalweg yn Smilde besocht de man út Appelskea ôfrûne sneontejûn in jildkistke iepen te brekken yn in ferkeapkreamke. De eigener seach dat en spruts him oan. Dêrop bedrige de dief de eigener, wêrnei't er mei it jild út it kiste útnaaide.

De fertochte wie fuortfytst rjochting Assen. Dêr hie in partikulier kamerabylden mei de man derop. By de plysje melde him ek noch in tsjûge dy't de fertochte koe. De man is ôfrûne tiisdei oanhâlden yn syn wenning yn Appelskea. Hy sit fêst foar ferhoar. De man wurdt freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy beslist oft er langer fêstsitten bliuwe moat.

Trefwurden: 
oanhâlding Appelskea
(advertinsje)
(advertinsje)