FIDEO: Rients Gratama yn eigen wurden

07 sep 2017 - 11:50

Op woansdei 6 septimber is Rients Gratama op 85-jierrige leeftyd ferstoarn. Nei oanlieding fan syn 80e jierdei, prate Annet Huisman doedestiids mei him oer syn nije foarstelling “Geraniums of Gladiolen”. De artyst hat lykwols op it poadium fan it Posthuis Theater folle mear te fertellen. Hy wie in betûfte alleskinner mei in kleurrike karriêre. Gratama wist it publyk wist te berikken, yn Fryslân, mar ek dêrbûten. Wat fûn hy sels belangryk? Wat hat syn karriêre him brocht en hoe seach er oan tsjin de takomst? Rients yn Petear diel 1 en 2 waarden oarspronklik útstjoerd op 1 en 2 jannewaris 2012.

Diel 1

Diel 2

Diel 2

Foar mear fan Rients Gratama by de Omrop, sjoch op de pagina fan weromrop.

Trefwurden: 
Rients Gratama
(advertinsje)
(advertinsje)