Grinzer (58) swier ferwûne by ûngelok op A7 by Boalsert

07 sep 2017 - 10:34
Foto: Rudy Bouma

By de kop-sturtbotsing fan woansdei op de A7 by Boalsert binne meardere minsken ferwûne rekke. In 58-jierrige automobilist út Grins wie swier ferwûne en is mei de traumahelikopter nei it sikehûs brocht. De helptsjinsten rukten manmachtich út omdat der ferskate auto's op elkoar botst wiene en meardere ynsittenden ferwûne wiene.

Uteinlik hoegde allinnich de Grinzer nei it sikehûs, de oare ferwûnen koene op it plak fan it ûngelok behannele wurde troch ambulânsepersoniel. De plysje docht fierder ûndersyk nei de krekte tadracht fan de kop-sturtbotsing. In part fan de A7 by Boalsert wie troch it ûngelok in skoft ôfsletten.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Boalsert
(advertinsje)
(advertinsje)