Dongeradiel wol bettere nota oer Frysk DDFK-gemeenten

07 sep 2017 - 09:39

Fan fjouwer gemeenten ien meitsje, dat is in hiele put. Alle regels en gewoanten moatte op elkoar ôfstimd wurde. En yn Fryslân komt dêr dan ek nochris by datst it iens wurde moatst oer it brûken fan it Frysk. Dat jildt ek yn it fúzjeproses fan Dongeradiel, Ferwerderadiel, Dantumadiel en Kollumerlân. Se binne al in hiel ein op streek mei in mienskiplike nota oer dat taalbelied, mar no wol Dongeradiel dy nota net oan syn gemeenteried foarlizze, wylst de oare trije dat al dien hawwe.

Neffens wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel is dat net om dwers te lizzen. "De nota foldocht yn ús eagen net hielendal oan de lykweardigens fan de taal dy't wy weromsjen wolle. Wy hiene ek al in hiele goede nota en it mei der net minder om wurde."

(advertinsje)
(advertinsje)