Kollum: "Fersliten"

07 sep 2017 - 08:36

"De slitaazje op de gitaar fan John Mayer is net echt. Fan ‘e wike kaam ik dêr achter, en it wie in skok. John Mayer, fan de hits ‘Slow Dancing in a Burning Room’, ‘Your Body is a Wonderland’ en ‘Gravity’ spilet op in Fender Stratocaster. En dêr is de lak fan ôfblêde, dy sit fol bûtsen en sjocht der út as is der jierrenlang hiel yntinsyf op spile.

Dat is nep. Is gjin nijs, want dit wie dus al hiel lang bekend, mar ik hearde it pas fan ‘e wike. Nep. Krekt as de measte gatten yn spikerbroeken tsjintwurdich der al yn sitte as’t se nij keapest, sa nep binne de slytplakken op Johns gitaar ek. Ik ha trije websides tsjekt, omdat ik it net leauwe woe.

Want John is in held fan my. Hy kin geweldich goed gitaar spylje, en dat is ek einliks it ienige dat ik fan him wit. Ik ha him spyljen sjoen by in konsert yn Amsterdam en dat wie fantastysk. Sa muzikaal, sa lyrysk en sa yntins, alles klopte. Ek doe spile hy in pear nûmers op dy ikoanyske gitaar, de Black 1, sa’t hy him neamt.

Om’t dy gitaar d’r sa fersliten útsjocht, gong ik der fan út dat hy him fan jongs ôf oan hân hat. Dat troch yntinsyf gebrûk de lak der ôf sliten is. Dat John safolle op dit ding spile en oefene hat dat er der no sa bûtst út sjocht.

Ik seach wolris nei myn eigen gitaar. En tocht: ik bespylje dy dochs reedlik faak. Wannear komme de slytplakken no? En wannear’t se net yn myn gitaar komme, en sjoen hoefolle as ik der op spylje, hoefolle spilet John dan wol net op syn gitaar!

En sa krige John syn heldestatus by my. Fansels, sa’n bluessolo derút smite, dat kin allinnich as jo gitaar der útsjocht as dy fan John. Want dan sit der in hiele skiednis achter sa’n solo.

No, de skiednis is dat John gewoan nei gitaarbouwer Fender stapt is, en sein hat: ik wol graach in gitaar dy’t der flink brûkt útsjocht. Sa as dy fan Stevie Ray Vaughan, sei John. Prima, sei Fender, en se bouden de gitaar. John mocht him sels swart spuitsje. Is in filmke fan. En dêrnei hat Fender hiel foarsichtich de lak der hjir en dêr wer ôf tikt. Ik bin teloarsteld yn John Mayer.

Stevie Ray Vaughan. Syn Fender Stratocaster - Number One - wie hiel bot bûtst en fersliten. En dat wie echt! Stevie is ek in gitaarheld fan my, likefolle as John. En dat ferslitene kaam by Stevie troch it spyljen, tocht ik ek altyd.

Mar nee, sa wit ik no. Want troch de John-desepsje ha ik dit no ek ris ûndersocht. Dit kaam troch de manier wêrop Stevie Ray Vaughan mei syn ynstrumint om gie. Net sa foarsichtich, sille we mar sizze. Dus dat giet ek al net oer hûnderttûzen oeren oefenjen.

Neat is wat it liket. Thierry Baudet hat 50.000 folgers op Twitter. De helte fan dy folgers binne nep-akkounts. De eigener fan it hotel hjirneist klage dat hy te min fertsjinne, en syn auto net mear betelje kin. Seach ik him fuort riden yn de dikste Mercedes. It hâldt mar net op mei de demasqués.

Leuk is al dat ik my troch sokke fact checks yniens wat better oer mysels fiel. Ik gean foarsichtiger om mei myn gitaren; ik ryd yn in auto dy’t wat makliker te beteljen is as dy fan myn buorman, en ik wit net oft ik de skok oer de gitaar fan John Mayer dizze wike noch te boppe kom, mar ien ding wit ik al seker: fan syn muzyk kin ik noch likefolle genietsje."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)