Brânwachtauto fljocht út de bocht en bedarret yn sleat

07 sep 2017 - 06:32
Foto: Postema Media

In auto fan de brânwacht Burgum is woansdeitejûn op de dyk tusken Achlum en Kiestersyl út de bocht flein en yn in sleat bedarre. De brânwacht hie yn Harns oan it oefenjen west. Op de weromrit wisten de brânspuiters net wêr't se krekt del moasten. Se kamen op de Hjerbeamerwei telâne en ha dêr nei alle gedachten ien fan de bochten net sjoen. De brânwachtauto rekke op de sydkant yn de sleat.

Der is net ien ferwûne rekke. Omdat de dyk frij smel is, wie it dreech om de wein te bergen. In twadde bergingsauto hat holpen. It liket derop dat de brânwachtauto total loss is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)