Beamstammen kletterje út karre op A32

Beamstammen foelen út 'e karre © Anton Kappers
In auto mei in karre fol beamstammen is woansdeitejûn op de A32 by Grou kantele. De beamstammen rôlen dêrby tsientallen meters oer de sneldyk. De auto en de oanhinger leine op de rydbaan yn de rjochting fan Ljouwert. De helptsjinsten hawwe de dyk ôfsetten om de auto te bergjen, plysjeminsken hawwe de beamstammen wer yn de karre laden. Der rekke nimmen ferwûne by it ûngelok.