Teäterman Rients Gratama (85) ferstoarn

07 sep 2017 - 06:10

Rients Gratama is woansdei 6 septimber op 85-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy wie al langere tiid siik. Rients Gratama wie kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator. Hy waard berne yn Penjum en begûn syn teäteraktiviteiten yn 1957 by it ferneamde teaterselskip fan Tetman de Vries. Yn 1963 begûn syn solokarriêre en waard hy ûntdutsen troch Wim Sonneveld. Letter toerde hy it hiele lân troch mei selsskreaune programma's. Hy skreau musicals lykas 'Mata Hari' en skreau teksten foar ûnder oare Robert Paul en Joke Bruijs. Syn lêste Fryske programma wie 'Geraniums of gladioalen'. 

Boartlikens en relativearringsfermogen

Kabaret- en toanielspylster Leny Dijkstra-de Vries, dochter fan Tetman de Vries, kende Rients Gratama al jierren. "Foar my wie it in soart fan broer. Ik wie noch mar hiel jong, in jier as 13 of 14, doe't hy op sollisitaasjebesite by ús heit kaam. Rients wie doe 25 of 26 jier en fan it begjin ôf fûnen myn suske en ik him hielendal geweldich, mei syn boartlikens en syn relativearringsfermogen."

Bysûndere man

Twa jier lyn hat Leny noch it teäterprogramma 'Doe kaam de maaitiid' makke mei Rients as hommaazje oan Tetman de Vries (1915-1988). "It wie in feest om mei-elkoar te skriuwen, te repetearjen en de útfiering te dwaan. Hy wie noch oergryslik helder fan geast en makke gekke en heakse ideeën en bochten. It hat in hiel bysûndere man west."

Weromrop.nl sjocht werom op Rients Gratama

Op www.weromrop.nl, de website mei it fideo-argyf fan Omrop Fryslân, binne ferskate útstjoerings mei en oer Rients Gratama werom te sjen. Lykas it iepenings- en slotkonsert fan Simmer 2000, in ôflevering fan Van Tuinen Thús en in trijelûk út 1997 oer de karriêre fan Rients.

Yn 'Gratama,' prate programmamakker Annet Huisman mei Rients op it poadium fan it Posthuis Theater oer syn libben en karriêre, nei oanlieding fan syn 80ste jierdei en "Geraniums of Gladioalen," in foarstelling dy't doe, yn 2012, yn premjêre gong.

 100 jier Tetman, Leny Dijkstra & Rients Gratama yn Noardewyn Live

(advertinsje)
(advertinsje)