Fryske ljeppers boeke goede resultaten yn Drylts

06 sep 2017 - 21:40
Marrit van der Wal - Foto: Martin de Jong

De Fryske ljeppers hawwe woansdeitejûn goede saken dien by de tredde wedstriid fan de nasjonale kompetysje yn Drylts. Nard Brandsma fan Warkum waard twadde by de senioaren. Hy sprong 19.71 meter. Jaco de Groot út Woerden behelle it earste plak mei in sprong fan 19.93 meter. Ek it tredde plak gie oan de Friezen foarby. Rian Baas út Oudewater sprong 19.13 en dat wie krekt wat mear as de nûmer 4, Hannes Scherjon fan Noardburgum, dy't 19.05 ljepte. Thewis Hobma fan Harns waard fyfde mei 18.84 meter.

Marrit van der Wal

Ek yn de oare kategoryen boekten de Fryske dielnimmers goede resultaten. By de froulju sprong Marrit van der Wal fan It Heidenskip it earste plak mei in ôfstân fan 15.26 meter. By de junioaren gong de winst nei Jan Teade Nauta fan Drylts mei 18.95 meter. Spekkeaper Jarich Wynstra ljepte mei syn 18.35 meter de fierste sprong fan dizze wedstriid, mar ek fan it folsleine klassemint by de jonges. By de famkes sprong Sigrid Bokma fan Hylpen mei har 14.39 meter mar in hiel lyts stikje minder as Demi Groothedde dy't 14.42 meter makke. Yn it folsleine klassemint stiet Bokma der lykwols hiel goed foar.

Finale yn Vlist

Takom sneon wurdt yn Vlist (provinsje Utert) de finale ljept en wurdt ek de definitive útslach bekend. De sporters meie dan har minste wedstriden skrasse. Vlist giet allinne troch as it waar it talit.

(advertinsje)
(advertinsje)