Polityk stelt fragen oer ferdwinen fan it 'Pedro-bankje'

© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Gemeentebelang Franekeradeel is fernuvere oer it feit dat de gemeente de oerdekte Kamstrabank ynienen ferpleatse wol. De bank stiet al 60 jier op de Suderkade yn Frjentsjer. Neffens de partij hat der yn al dy jierren geregeld sprake west fan oerlêst, mar is dy ek altyd wer oplost. Se hawwe dêrom útstel frege en wolle der yn de earstkommende riedsgearkomste fragen oer stelle oan it kolleezje fan b. en w. De partij fynt dat de oerdekte bank net ferdwine mei troch oerlêst fan in pear jongeren.