Grinzer basketballers spylje tsjin Madrid yn Kealledykje

Basketbal yn it Kealledykje © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Basketbalklup Donar út Grins spilet syn tredde duel yn de foarrondes fan de Champions League yn de hal fan Aris oan it Kealledykje yn Ljouwert. Se moatte dan spylje tsjin Estudiantes Madrid. De wedstriid giet allinnich troch as Donar de earste twa omlopen wint, mar Aris lit op Twitter witte dat de klup dêr alle fertrouwen yn hat. Se hjitte de kollega's út Grins fan herte wolkom en sille der foar soargje dat it in moaie jûn wurdt.