Frou pykt út nei oanriding mei fytser

06 sep 2017 - 17:34
De frou naaide út de blauwe auto en liet dy midden op 'e dyk stean - Foto: ASMedia

De plysje fan Ljouwert siket tsjûgen fan in oanriding woansdeitemoarn op de Grienewei. In 60-jierrige fytser waard dêr fan efteren oanriden troch in auto. De bestjoerster kaam fan de kant fan de Noarderwei en ried rjochting Aldehou. Nei de oanriding ried se troch, dwers troch in ôfsetting, mar by de folgjende ôfsetting kaam se net fierder. De fytser is nei it MCL brocht. In omstanner spruts de frou oan en hat de kaai út it kontakt helle, dêrnei draafde de frou fuort. De frou is noch net fûn, mar de plysje wit wol wa't se is.

Trefwurden: 
oanriding Grienewei Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)