Ofskied nimme fan 100 jier âlde wetterskip Blije docht sear

06 sep 2017 - 17:06

De opheffing fan it wetterskip Blije Bûtendyks komt te betiid. Dat seit Binne Reitsma dy't de iennichste bestjoerder is fan Blije Bûtendyks. It kin neffens him folle better opheft wurde wannear't It Fryske Gea alle grûn yn eigendom hat. Dat is no noch net it gefal. De provinsje fynt dat it wetterskip allinne noch mar op papier bestiet en dus wol opheft wurde kin.

Blije wie it iennichste wetterskip yn 2004 dat by de opskaling selsstannich bleau. De bannen tusken de famylje Reitsma en wetterskip Blije Bûtendyks geane werom nei 1917, krekt 100 jier werom. Pake Reitsma wie ien fan de oprjochters. Ofskied nimme fan it wetterskip, mar ek fan de wize fan wurkjen docht dan ek sear. It gebiet mei hynders sit aanst sûnder it âlde wetterskip. Provinsjale Steaten moatte úteinlik in beslút nimme oer de opheffing fan it wetterskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)