Opsterlân nimt ôfskied fan Piet van Dijk

06 sep 2017 - 16:46
Wethâlder Piet van Dijk fan de gemeente Opsterlân - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Opsterlân nimt woansdeitemiddei ôfskied fan wethâlder Piet van Dijk. Yn de hal fan it gemeentehûs yn Beetstersweach is in ôfskiedsresepsje foar him. De 54-jierrige Van Dijk wie sûnt 2012 wethâlder yn Opsterlân, foar de fraksje fan Opsterlands Belang.

Op 14 septimber begjint er yn syn nije funksje as boargemaster fan de gemeente Aa en Hunze, yn de provinsje Drenthe. Hy folget dêr Eric van Oosterhout op, dy't op syn beurt boargemaster fan Emmen wurden is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)