FIDEO: Hoe giet it mei Friezen by orkaan Irma?

06 sep 2017 - 16:37

Orkaan Irma hat in ravaazje oanrjochte op ûnder oare Saba en Sint Maarten. Stadichoan komme de bylden binnen fan ûnderstrûpte strjitten, beammen dy't omlizze en boaten dy't fernield binne. Hoe slim oft it foar de bewenners is, is noch net dúdlik om't de stroom net goed is en dat is lestich kommunisearjen. Foar famylje fan Friezen dy't dêr wenje, is it hiel spannend.

Unrêstich

De dochter fan Coby Klomp en Kor Lautenbach wennet op Saba mei har man en bern. "Ik ben heel onrustig, we weten niet hoe het is, want we krijgen vandaag geen contact." De dochter en har man sitte noch mar sân wiken op it eilân. "Gisteravond hebben we wel contact gehad, ze hebben alles gebarricadeerd. Lijkt me verschrikkelijk om opgesloten te zitten in je huis, je hoort niets, ziet niets en weet niets."

Wachtsje op nijs

De soan fan Betsie Stummel, Helmer, is dûkynstrukteur op Sint Maarten. "Hiel gespannen bin ik, senuwachtich, hieltyd it nijs yn de gaten hâlde. Hy sit op in boat yn in soarte fan binnenhaven mar sit no by in kollega op de earste ferdjipping. We wachtsje op nijs, elkenien freget hoe't it is. We hoopje sa gau mooglik wat te hearren mar dat sil de kommende 24 oeren noch wol net gebeure tink ik."

Trefwurden: 
orkaan Irma
(advertinsje)
(advertinsje)