Kaviarace komt by Omrop Fryslân werom op telefyzje

06 sep 2017 - 15:40

De legindaryske kaviarace, út in telefyzjeprogramma mei Fred Oster fan 40 jier lyn, komt werom op telefyzje en wol by Omrop Fryslân yn in nije foarm. Fan freed 8 septimber ôf foarsizze kavia’s alle wiken de fuotbalwedstriden fan SC Hearrenfean en SC Cambuur yn Fryslân Hjoed.

Fred Oster

Kavia’s hawwe yn de telefyzjewrâld bewiisd dat se goed foarsizze kinne. Fan 1973 oant 1983 spilen kavia’s de haadrol yn it finalespul fan AVRO’s Wie-kent-kwis mei Fred Oster. It nije programmaûnderdiel mei kavia’s fan Fryslân Hjoed is basearre op dat spultsje.

Piet Paulusma

Alle kavia’s hawwe in namme fan in bekende Fries, lykas Foppe de Haan, Piet Paulusma en Eelke Lok. In spiler fan de fuotbalklup kiest ien fan de kavia’s. Dan wurde de kavia’s loslitten yn de bak. Yn de bak sitte allegear fakjes mei in einstân derboppe. It fakje dêr’t de kavia fan de klup ynrint, is de einstân fan de wedstriid. Akteur Jan Arendz is de kwismaster fan it spultsje.

Bistewolwêzen

Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân hat wol twivele oer de ynset fan kavia’s yn in live-telefyzjeprogramma: “Ik makke my yn earste ynstânsje soargen oer it wolwêzen fan de bisten. Mar my is troch eksperts fersekere dat in bytsje stress net in soad kwea kin foar dy bistjes. Ik bin bliid dat wy de kaviarace wer werombringe op telefyzje.”

(Advertinsje)
(Advertinsje)