Rens Kroes ferhuzet nei New York: "Ik wol dit hiel graach"

06 sep 2017 - 14:12

Rens Kroes sil oer twa dagen nei New York ferhúzje. It suske fan topmodel Doutzen timmeret al in skoft oan de dyk mei har sûne resepten en is dêr drok mei yn har wenplak Amsterdam. "Ik woe al hiel lang nei New York en prate der mei famylje en freonen oer. Dy seinen dat ik it gewoan dwaan moast. Dus doe ha ik in datum prikt. Ik bin no noch jong en ha gjin bern en boppedat komt myn freon út New York. Dus it is gjin ûnbekend terrein foar my, mar dit is wol wat oars, ik sil der echt wenje. Soms tink ik wolris, wat ha ik dien, wêr bin ik oan begûn. Mar ik wol it hiel graach en as it net leuk is, kom ik gewoan wer werom."

Business

De Eastermarder sil har wurk dêr fierder trochsette. Meikoarten bringt se in itensiedersboek út dêr. "Dêrom gean ik der ek hinne, ik wol in business opsette. Dat wurdt hurd wurkjen en it sil lestich wurde, mar 'if you can make it yn New York, you can make it anywhere'. It is wol spannend en benammen it ôfskied fan myn famylje. Dat wurdt dreech om se lang net te sjen. Ik kom wol wer ris werom, yn novimber sil ik in TedTalk hâlde. Mar no bin ik noch drok oan it ynpakken en moat ik noch fan alles regelje."

Trefwurden: 
Rens Kroes New York Eastermar
(Advertinsje)
(Advertinsje)