Ferkear op A7 by Boalsert fêst nei ûngelok

It ferkear op de A7 by Boalsert moat rekken hâlde mei opûnthâld. Troch in oanriding by Boalsert is de dyk ticht yn de rjochting fan Snits. In buske is op meardere auto's ynriden. Dêrby binne trije minsken ferwûne rekke en ien dêrfan is swierferwûne. Dy is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.
UPDATE: Tsjin fjouweren koe Rykswettersteat melde dat de dyk wer frij wie foar ferkear.