Jirnsum protestearret tsjin mooglike gasboarrings

06 sep 2017 - 13:36

De earste ynformaasjejûn troch gaswinningsbedriuw Vermilion hat noch mar krekt west en de protesten binne yn Jirnsum al te fernimmen. Vermilion hat dizze wike kabels en sensoaren yn it doarp oanlein om dêrmei mjitte te kinnen hoe't it sit mei trillingen. Dat alles as tarieding op takomstige gasboarringen yn it gebiet. Mar de doarpsbewenners meitsje har grutte soargen en binne benaud foar ierdbevingen en tastannen krekt lykas yn Grinslân. Vermilion ûndersiket it gebiet fan rûchwei Jirnsum oant Drachten.

Doarpsbelangen fan oare plakken ha al oankundige dat se beswieren hawwe. Yn Jirnsum is it earste ferset; dêr hingje de teksten no foar de ruten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)