Foardielen fan de biblioteek binne te min bekend

06 sep 2017 - 13:30
Boeken biblioteek - Foto: ANP XTRA

Boetefrij liene en bern fergees lid? In protte minsken witte net dat dit kin by de biblioteken yn Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan in panel fan biblioteekleden en -besikers. In protte minsken tinke by de biblioteek noch hieltyd oan boeken liene en de dêrby hearrende boetes as je dy te let werombringe.

Alden keapje no noch faak boeken foar har bern, yn stee fan dat se de bern meinimme nei de biblioteek. Mar leafst 66 prosint fan de bern yn Nederlân is net lid fan in biblioteek. Ek it wiidweidige oanbod fan bygelyks tydskriften, e-books en ferskate aktiviteiten is net goed genôch bekend, sa docht bliken.

Trefwurden: 
biblioteek boeken liene bern
(Advertinsje)
(Advertinsje)