Drachtster bern helpe mei ynpakken robots foar skoallen

06 sep 2017 - 12:53

Bern fan basisskoalle Het Mozaïek yn Drachten ha woansdeitemoarn holpen by it ynpakken fan robots. It giet om robots dy't nei alle 415 basisskoallen yn Fryslân gean. Doel is dat de bern troch dy robots mear mei technyk yn oanrekking komme. De bern fan de skoalle yn Drachten diene dat dus al, by it bedriuw Neopost Technologies yn Drachten. Dat bedriuw hat in spesjale masine foar it ynpakken. Dy masine scant it produkt dat ferpakt wurde moat, en makket in kartonnen ferpakking dat der krekt omhinne past. Dêrtroch is it ferpakken hiel krekt en miljeubewust.

Neopost Technologies docht ek de fersprieding fan de ferpakte robots. It inisjatyf dêrfoar komt fan in tal bedriuwen yn Drachten, de gemeente Smellingerlân, de provinsje en it ûnderwiis yn ús provinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)