Hartthijs de Vries fytst takom seizoen foar Roompot

06 sep 2017 - 12:17
Hartthijs de Vries (argyffoto) - Foto: awfoto.nl

Hurdfytser Hartthijs de Vries út Kollum fytst takom seizoen foar team Roompot. Dat makke de ploech woansdei bekend. De 21-jierrige Fries komt oer fan SEG Racing Academy.

De Vries makke dit jier yndruk mei de winst fan de jongereintrui yn de Topcompetitie en in tredde plak yn in einklassemint fan Olympia's Tour. Ek waard er fyfde yn Gent-Wevelgem foar beloften en tredde op it NK foar hurdfytsers ûnder de 23 jier. "Hartthijs heeft een sterke tijdrit en kan goed uit de voeten op verschillende parcoursen. Ook gezien zijn leeftijd een prima aanwinst voor ons" seit ploechlieder Erik Breukink fan Roompot.

Foar de Kollumer komt in dream út. "Als jonge jongen is prof worden altijd een grote wens geweest. Team Roompot rijdt een mooi programma vol wedstrijden waarin ik veel kan leren. Ik vind het vooral tof dat ik samen met mijn provinciegenoot Pieter Weening in één team kom te rijden" lit De Vries entûsjast witte.

(advertinsje)
(advertinsje)