Ljouwert hat primeur sintrum keunstmjittige yntelliginsje

06 sep 2017 - 12:08
Foto: ANP

It earste Nederlânske kennissintrum foar keunstmjittige yntelliginsje (Artificial Intelligence) iepenet dizze hjerst yn Ljouwert syn doarren. Ek bedriuwen dy't har dwaande hâlde mei datawittenskip kinne ûnderdak krije yn it nije ynnovaasjekluster. Neffens de inisjatyfnimmers is keunstmjittige yntelliginsje de takomst foar in soad bedriuwen. Bygelyks yn de soarch of yn produksjebedriuwen wurdt it hieltyd faker brûkt.

Oeral op de wrâld binne der inisjativen om jonge bedriuwen dy't har hjirmei dwaande hâlde te helpen. Sa no ek yn Ljouwert. De earste oanmeldingen binne der al, en komme sawol út binnen- as bûtenlân. In talittingskommisje toetst it idee fan de ûndernimmers om te sjen oft it om in kânsryk en ynnovatyf idee giet. De ferwachting is dat der earst fjouwer kandidaten talitten wurde ta it kennissintrum. Sy krije in programma fan seis moanne foarset, ynklusyf in ferfolchtrajekt dat taspitst wêze sil op wat sy nedich hawwe om in bedriuw yn Ljouwert te begjinnen. Op dizze wize is de hoop dat dizze bedriuwen ek behâlden bliuwe foar de regio.

(advertinsje)
(advertinsje)