Bojanna yn orkaan: "It wurdt no echt hiel eng"

06 sep 2017 - 11:39

It binne spannende tiden foar Friezen dy't op it stuit midden yn de orkaan Irma sitte. De orkaan berikte woansdeitemoarn om kertier foar achten Nederlânske tiid it fêste lân op it eilantsje Barbuda. Yn de rin fan de moarn lûkt Irma fierder oer Sint Maarten, Sint Eustatius en Saba.

Bojanna Koster lit witte dat de elektrisiteit op Saba yntusken útfallen is. "Der komt gjin wetter út de kranen en de wyn hellet no bot oan. We stean by de ruten en hâlde dy yn 'e gaten om de luchtdruk en trochstreaming folgje te kinnen yn it hús dêr't wy skûlje."

Om alve oere hinne stjoerde se de Omrop in audioberjocht. "It wurdt no wol echt hiel eng. It klinkt oft der grutte rotsen op it dak falle. Der leinen rotsen fierder op dus ik bin der benaud foar dat it dy binne. It wetter komt no binnen. Dat bin ik oan it opdweiljen. Ek binne der hiele hurde wynstjitten. Wy binne noch feilich en it komt goed."

Trefwurden: 
orkaan Irma Bojanna Koster
(Advertinsje)
(Advertinsje)