Heger eigen risiko is net goed foar de soarch

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
It is gjin goede saak as it eigen risiko yn de soarch dochs wer omheech giet. Dat wurket it mijen fan needsaaklike soarch yn de hân. Dat is de reaksje fan soarchfersekerder De Friesland op berjochten yn ferskate kranten fan 'e moarn. Under oaren CDA en ChristenUnie woene in fikse ferleging, mar komme der yn de formaasje mei D66 en VVD net út. Sa'n ferleging kostet fierstente folle jild.
De Friesland hat earder ek al oanjûn dat it eigen risiko eins omleech moatte soe, om te garandearjen dat elts dy't soarch nedich hat, dy ek krijt. De soarchkosten nimme ta omdat der yn ferhâlding mear âlderen binne yn Nederlân. Ek binne der hieltyd mear en djoerdere behannelingen mooglik. It ferplichte eigen risiko is fan 150 euro yn 2008 tanommen nei 385 euro no. It CPB hat berekkene dat it eigen risiko yn 2021 nochris mei 100 euro tanimt, as it nije kabinet neat docht.