De Oertocht: ferhalen op en achter de fearboat

06 sep 2017 - 11:05

Alle dagen farre oer it Waad de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach nei de eilannen en werom. Omrop Fryslân giet yn it programma ‘De Oertocht’ op syk nei de ferhalen op en achter de fearboat. Woansdei is de earste útstjoering te sjen, mar earst lizze wy programmamakker Herman Zeilstra fiif fragen foar om alfêst wat ynsjoch yn de searje te krijen.

Hoe faak hasto de oertocht mei de fearboat al makke?

“Foar de opnamen haw ik no al sa’n tweintich of tritich kear de oertocht makke. En ik haw noch mar acht útstjoeringen opnaam, kinst neigean! Mar bûten de opnamen om haw ik ek al wol 30 kear de oertocht nei de eilannen makke tink ik. Dus ik kin alle plakjes fan it skip no wol dreame tink ik. Ik hoech de crew mar oan te sjen om te witten wat der oan ‘e hân is, haha.”

Wat is it meast bysûndere ferhaal datst tsjinkaam bist?

“Der binne in hiel soad moaie ferhalen, mar wat ik foaral moai fyn is tafal. Of bestiet dat net? Ik kaam in notaris tsjin dy’t in bysûnder ferhaal fertelde oer in klant fan him. Dy man hie krekt by him west om de erfenis om te setten nei syn dochter om't er dêr nei jierren wer goed kontakt mei hie. Doe't dy klant dêrnei nei syn nije hûs ried, die er de kofferbak fan syn auto iepen en foel er dea del. Dat fûn ik dochs wol sa’n frjemd ferhaal...”

Hast ek geheime plakjes ûntdutsen dy’t de passazjiers noait sjogge?

“Der is in ôflevering dêr’t wy alle motoaren en masines opstarte foar de earste oertocht fan de dei. Dat hie ik noch noait sjoen, mar it is dus no te sjen yn ‘De Oertocht’. Ek folgje wy de bou fan de nije snelboat fan It Amelân.”

Hast noch oare nijsgjirrige saken ûntdutsen?

“Ik haw foar in ôflevering ek mei west mei Theo Metz. Hy wurket yn de masinekeamer en is de broer fan in âld-klasgenoat fan my. Sy wiene ek beide bandlid fan de band Abnormaal, in band dy’t troch harren eigen sukses op It Amelân net mear bestiet. Theo syn broer hie fantastyske humor. Dan rûnen wy yn it skoft nei de winkel en liet hy in skeet. Hy wiisde nei de tegel ûnder syn foet en sei mei in strakke kop: “Dy tegel siet los.” Dat tekenet wol de humor en eigensinnigens fan de eilanners. En dat is allegear werom te sjen yn de searje kin ik jimme fertelle!”

Jûn begjint De Oertocht op telefyzje, wat kinne wy ferwachtsje fan de searje?

“Kinst moaie bylden ferwachtsje fan it Waad, it moaiste gebiet dat ik ken. Ek kinst ferhalen ferwachtsje fan de minsken fan Wagenborg dy’t har yn de simmer út ‘e naad wurkje om ús in goede oertocht te besoargjen. Yn de tsjustere dagen dy’t deroan komme kinst noch efkes in fakânsjegefoel belibje mei ‘De Oertocht’."

De Oertocht is fan woansdei 6 septimber ôf alle woansdeis te sjen om 18.45 oere by Omrop Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/deoertocht. Alle útstjoeringen binne dêr ek werom te finen.

Trefwurden: 
De Oertocht fearboat
(Advertinsje)
(Advertinsje)