Mei Foppe ûnder keunstige lekkens

06 sep 2017 - 10:22

Fuotbaltrainer Foppe de Haan komt mei in eigen searje fan dekbêdoertrekken. Op it linnenguod komt wurk fan de ferneamde keunstner Paul Christiaan Bos te stean. De dekbêdhoezen wurde makke foar it Foppe Fûns Se lizze by Meulen en Baarsma yn de winkels. In part fan de opbringst fan alle ferkochte dekbêdoertrekken wurdt oermakke nei it Foppe Fûns, dat him ynset foar foar handikapte bern.

De earste eksimplaren binne woansdeitemiddei te sjen by de iepening fan de tentoanstelling 'Wegdromen in de Klinze'. Dizze tentoanstelling stiet yn it ramt fan de skilderijen fan Bos.

(advertinsje)
(advertinsje)