Kollum: "Wellness op It Amelân"

06 sep 2017 - 08:37

"Ik ha yn Ketlik op de legere skoalle sitten. De skoalle bestiet net mear, der sit no wat oars yn dat gebou, in organisaasje dy’t ûnder oare rêst en romte oanbiedt om josels te wêzen. Yn wêzen liket dat in soad op dat wat in goede legere skoalle ek dwaan moat, betocht ik my. Mar dat is in oar ferhaal. Op de legere skoalle wie it de gewoante dat de heechste klassen, doe noch fiif en seis, in dei as wat nei It Amelân gienen. Dan ha we it oer it jier 1980.

Ik hie noch nea sa lang fan hûs west, wy waarden op de buorkerij achte om mei te helpen en dêr hienen wy ek gjin muoite mei omdat it libben op in pleats doe noch sa frij as in fûgel wie. Hoe oars is dat no, jo binne mear boekhâlder as boer. Mar dy wike yn de simmer fan 1980 bedarren wy yn Buren, yn kampearbuorkerij De Pondarosa. Hy is der noch altyd, as jo fan Buren nei it strân fytse, kinne jo him oan de linkerkant net misse. It wie in prachtige wike, mei as iennichste neidiel dat wy yn de fiifde klasse sieten en de seisde dus wat heger yn de pikoarder stie en beslach lei op alle boarterstastellen. Mar wy ha ús bêst fermakke. In soad dingen dy’t je moai fine wurde yn je jeugd foarme, sa is It Amelân foar my altyd it moaiste Waadeilân bleaun, wylst de oaren fansels ek prachtich binne.

Yn de jierren dêrnei ha we geregeld op it eilân en ek in kear as wat yn it prachtige swimbad fan Nes west. In subtropysk swimbad mei alles der op en der oan. In attraksje dêr’t it eilân grutsk op wêze koe, sels mei min waar koenen de badgasten noflik te wetter. Mar spitigernôch gie it bad yn 2002 fallyt. Sûnt dy tiid is it ferwurden ta in rotte kies en in splytswam yn de Amelanner mienskip. Nettsjinsteande spannende Youtube filmkes oer hoe’t it bad der hjoed-de-dei hinne leit, is de werklikheid minder aardich. Want der binne plannen om it bad om te toverjen ta in wellness sintrum. Freeslike titel fansels, mar earlik sein soe ik der samar even gjin passende Fryske oersetting foar witte.

De plannen binne net fan de lêste tiid, der wurdt al mear as tsien jier oer praten. Of moat ik sizze eamele, want as je tsien jier nedich ha om in plan dat goed is foar in eilân der troch te krijen, begjinne de petearen op einleaze sesjes sûnder útsjoch op in goed ein te lykjen. En sa is it ek op It Amelân. Wylst de waadeilannen de finansjele konkurrinsjestriid mei stuntreiskes foar stuntprizen nei Lloret de Mar en oare feestplakken mei sinnegarânsje oan it ferliezen binne, steane de riedsleden op it eilân mei hurde koppen tsjin elkoar oer.

Sa koe it dat it plan fan Harry Westers nei al dy jierren dizze wike wer ôfsketten waard. Te gek foar wurden eins. Fjirtjin jier tsjin sa’n ferfallen klinte oansjen smyt allinnich mar in pear Youtube filmkes op. Mar dêr keapje jo gjin heale bôle foar, achte tsjinstanners fan it wellness sintrum. Boppedat moasten dy vloggers der fia it dak yn, dat der is ek in kâns dat se de nekke brekke. Neffens my wolle alle riedsleden it bêste foar it eilân. Mar gau wer om tafel, soe ik sizze. En begjin te praten, yn stee fan te eameljen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)