Grutte oefening oaljebestriding op de Waadsee

06 sep 2017 - 07:34

Stel dy ris foar; twa frachtboaten komme op de Noardsee mei-elkoar yn oanfarring en dêrby komt in soad oalje yn it wetter telâne. Dy oalje rint ek de Waadsee yn en nei de eilannen. Dêrom wurdt der sûnt moandei folop oefene troch tal fan ynstânsjes. Woansdei stie Skiermûntseach sintraal en stie de soarch foar de natuer foarop.

Belangryk ûnderdiel fan de oefening is de gearwurking mei alle oare partijen dy't in rol spylje by de oaljebestriding yn it gebiet. Rom twahûndert minsken dogge mei oan de oefening. Der binne sa'n santich frijwilligers.

De folsleine oefening koe woansdeitemoarn net trochgean. Troch de hurde wyn (wynkrêft 8), moat de oefening op de sânplaat by Skiermûntseach ôfbrutsen wurde.

Trefwurden: 
oalje oaljebestriding Waadsee
(Advertinsje)
(Advertinsje)