Leararen basisûnderwiis sille stake

06 sep 2017 - 06:09

Leararen yn it basisûnderwiis lizze op 5 oktober it wurk del. Dat meldt fakbûn CNV Underwiis. "Ik rop ús leden yn it primêr ûnderwiis op om te staken op 5 oktober", seit Loek Schueler, foarsitter CNV Underwiis. It fakbûn wurket yn in PO-front gear mei ûnder oare de FNV, de PO-ried en POinactie.

Sy organisearje op 5 oktober in manifestaasje yn it Suderpark yn Den Haach. It PO-front wol in struktureel bedrach fan 900 miljoen euro foar salaris en 500 miljoen foar it ferminderjen fan wurkdruk. De ôfrûne wiken waard yn Den Haach sein dat 270 miljoen euro al in 'substansjeel bedrach' wie. In grutte mearderheid fan de skoalbestjoeren yn it primêr ûnderwiis stipet it doel fan de learare-aksjes en hat begryp foar de stakingen. Dat docht bliken út in peiling fan de PO-ried ûnder skoalbestjoeren yn it primêr ûnderwiis. De PO-ried ropt skoalbestjoeren op om meiwurkers dy't meidwaan wolle oan de staking op 5 oktober te stypjen.

Trefwurden: 
ûnderwiis aksjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)