ONS Snits nimt keunstgersfjild ûnder hannen

05 sep 2017 - 23:02
Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It keunstgersfjild fan ONS Snits wurdt dizze wike oanpakt. Om’t de KNVB oant twa kear ta it fjild dêr’t de Snitser fuotbalferiening har thúswedstriden op spilet ôfkard hat, sil it bedriuw Intergrass út Staphorst de keunstmatte oanpakke. Dat is de útkomst fan in petear tusken de belutsen partijen, wêrûnder de gemeente Súdwest-Fryslân. De kompetysjewedstriid thús tsjin Capelle fan sneon wurdt yn alle gefallen net op it haadfjild spile. It fjild sil pas nei it wykein opnij kard wurde.

Trefwurden: 
fuotbal keunstgers ONS Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)