Tariedingen Vermilion foar seismysk ûndersyk by Jirnsum

Gaswinbedriuw Vermilion set ynkoarten útein mei seismysk ûndersyk yn de omjouwing fan Jirnsum en Terherne. Yn de greide komt allegear mjitapparatuer te stean. Der sille lytse trillingen opwekke wurde yn de grûn en de apparatuer sil dy registrearje. Dêrmei krijt Vermilion in byld fan hoe't de struktuer yn de grûn is en oft der op dy plakken ierdgas sit. "Wy hawwe fergunningen om ierdgas op te sykjen en as dat mooglik is te winnen. As ûnderdiel fan de fergunning moatte we dit ûndersyk ek útfiere", seit Fokke Jansma fan Vermilion. As it bedriuw yn byld hat wêr't it ierdgas krekt te finen is, dan is in proefboarring in folgjende stap neffens Jansma.
De ûndersiken duorje oant en mei novimber en dy sille yn meardere gebieten útfierd wurde. Ek yn natuergebiet de Alde Feanen, rûnom Drachten en ûnder Snits sil Vermilion oan 'e gong. Tiisdei wie yn Grou in ynformaasjegearkomste fan it gaswinbedriuw om útlis te jaan oer de plannen. In soad minsken kamen der lykwols net op ôf. Der binne de kommende twa wiken noch twa ynformaasjegearkomsten yn Akkrum en Earnewâld.