Mooglik ein Bosk en Greide

28 okt 2011 - 17:54
Foto: Omrop Fryslân

As steatssekretaris Bleker syn besunigings op natuerprojekten trochset, hâldt de feriening Bosk en Greide op mei har aktiviteiten. Dat seit foarsitter Douwe Jaarsma.

Bosk en Greide hâldt him dwaande mei agrarysk en partikulier natuerbehear yn Gaasterlân, en seach freed by in sympoasium werom op it wurk fan de ôfrûne fiif jier. Dat kinne dus fuort ek wol de lêste fiif jier west ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)