Boeren kinne wer rommer sykhelje troch hege molkepriis

06 sep 2017 - 06:50

Boeren ha troch de hege molkepriis dy't op it stuit jûn wurdt wer lucht. Se kinne útstelde ynvestearringen dwaan en de rekkens wer betelje. Dat seit wurdfierder Dirk Bruins fan de taakgroep melkfeehâlderij LTO-Noard. Foarich jier om dizze tiid wie it yntarren foar de boeren troch de lege molkepriis. "Maar dat gat wordt nu weer aangevuld doordat de prijs een stuk hoger ligt."

Sûnt 2015 wie de priis net earder sa heech: Royal A-ware betellet bygelyks 41,42 euro foar 100 kilo molke en FrieslandCampina 40,13 euro. De hege priis komt ûnder oaren troch de grutte fraach nei tsiis en bûter. Oft de priis noch heger wurde sil of lang sa bliuwt, is net te foarsizzen neffens Bruins. "Door de globalisering van de markt is de prijs onder andere afhankelijk van de aanvoer uit landen als Amerika, Australië en Nieuw-Zeeland."

(Advertinsje)
(Advertinsje)