Provinsjaal fûns hat 16 miljoen foar midden- en lytsbedriuw

De provinsje komt mei in eigen fûns om bedriuwen yn it midden- en lytsbedriuw te stypjen: de Fryske Untwikkelingsmaatskippij. De ûndernimmingen út dizze sektor ha gauris behoefte oan lytse krediten, mar krije dy net omdat de banken dy net jaan wolle. De provinsje hopet de bedriuwen helpe te kinnen mei ynnovative maatregels om de eksport te befoarderjen. Yn totaal sit der 16 miljoen euro yn it fûns fan de Fryske Untwikkelingsmaatskippij. Datselde bedrach leit ek noch as reserve op 'e planke, mocht dat nedich wêze. It fûns wurdt finansiere troch Wurkje foar Fryslân, jild dat frijkommen is út de ferkeap fan de Nuon-oandielen.