"Yn it Digitaalhûs giet der in wrâld foar dy iepen"

05 sep 2017 - 20:23

Minsken mei in taalefterstân kinne sûnt tiisdei telâne yn it Digitaalhûs yn Bûtenpost. Op oare plakken yn Fryslân bestienen al langer sokke huzen foar minsken dy't oan harren taalfeardigens wurkje wolle. "Het Digitaalhuis is de ideale plek waar mensen aan hun taalvaardigheid kunnen werken", leit Paulien Schreuder, haad fan de biblioteken fan Noardeast-Fryslân út. "Het Digitaalhuis is niet bedoeld voor mensen die willen inburgeren, maar voor mensen die zich onzeker voelen over hun mondelinge en schriftelijke taalvaardigheden en daarbij wel een steuntje in de rug kunnen gebruiken."

Dochs blykt it dreech om taalswakke minsken te nûgjen yn sokke Digitaalhuzen. "Het is nogal een stap om toe te geven dat je problemen hebt met lezen en schrijven natuurlijk. Wij onderhouden daarom contacten met werkgevers en sociale werkplaatsen, om onze doelgroep te kunnen benaderen."

Digitaalhûs Frjentsjer

Yn Frjentsjer bygelyks. Tiisdeitemoarn wie dêr taart foar de learlingen en de frijwilligers fan it digitaalhûs. Net allinnich omdat it de wike fan de alfabetisearring is, mar it hûs yn de biblioteek fan Frjentsjer wol ek graach gesellichheid útstriele. En dat is ek wol nedich, want minsken moatte foar har gefoel dochs ek wol in drompel oer. Foar de dielnimmers is it nammentlik net altyd like maklik om ta te jaan dat se de taal net goed behearskje.

Ien fan de dielnimmers oan it Digitaalhûs yn Frjentsjer is Derek van der Kooi. "Ik ben trots op mijzelf, want ik kan nu mijn eigen naam schrijven en zelf mijn eigen rekeningen overmaken. Ik raad mensen echt aan om zich op te geven, want er gaat een wereld voor je open!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)