D66 bringt analfabetisme yn Fryslân opnij ûnder de oandacht

05 sep 2017 - 18:00
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje moat aktiver oan de slach om der foar te soargjen dat minsken dy't dat net kinne it lêzen en skriuwen leare. Dat seit de fraksje fan D66 yn Provinsjale Steaten. Ien op de seis Nederlanners hat it lêzen en skriuwen net ûnder de knibbel.

D66 hat ferline jier en it jier derfoar moasjes yntsjinne, dy't de provinsje oproppe om in gruttere rol te spyljen yn it oanpakken fan dat probleem. Dy moasjes waarden breed stipe, mar D66 seit dat der dêrnei net in soad mear oer heard is. De fraksje grypt de wike fan de alfabetisearring no oan om by Deputearre Steaten oan te trunen op aksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)