Sneldyk A31 oerenlang ticht fanwege gaslekkaazje

05 sep 2017 - 17:31

De A31 is tusken Dronryp en Marsum hat hast twa oeren folslein ôfsletten west foar ferkear yn beide rjochtingen. Dat kaam troch in gaslekkaazje op de parallelwei. Om 19.00 oere hinne waard de dyk wer frijjûn. By graafwurksumheden waard in gaslieding rekke. It gie om in haadlieding, meldt de brânwacht. Neffens in tsjûge wie dúdlik te hearren hoe't it gas der út spuite.

Mjittingen

De sneldyk wie yn beide rjochtingen ôfsletten, sadat de brânwacht feilich mjittingen dwaan koe. Dat soarge foar flinke fertragingen by it autoferkear. Yn de rjochting fan Ljouwert stie om healwei seizen hinne in file fan goed twa kilometer.

Ungelokken

Yn de files dy't yn beide rjochtingen ûntstienen, binne ûngelokken bard. It is net dúdlik hoefolle auto's oft dêrby belutsen binne, en ek net oft der ek minsken ferwûne rekke binne.

Trefwurden: 
A31 Dronryp gaslek
(Advertinsje)
(Advertinsje)