Filmhûs Slieker draait snein dokumintêre Jesse

05 sep 2017 - 17:30
Jesse Klaver fan GrienLinks - Foto: ANP

De dokumintêre Jesse, oer GrienLinks foaroanman Jesse Klaver, is sneintemiddei by filmhûs Slieker te sjen. De film hie útstjoerd wurde sillen troch BNN-Vara, mar dy omrop seach der nei in hiel soad krityk fan ôf. Dêrom is besletten de dokumintêre yn filmsealen rûnom yn it lân te fertoanen. Moandeitejûn wie de premjêre, yn teäter Carré yn Amsterdam. Yn 'Jesse' is ûnder oare te sjen hoe't de partij kampanje fierde en in grutte winst helle bij de ferkiezings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)