Spitse en Folkertsma meie foar Oranje nei Denemarken

Sisca Folkertsma
Sherida Spitse fan Snits en Sisca Folkertsma fan Sleat binne troch bûnscoach Sarina Wiegman selektearre foar de oefenwedstryd fan it Nederlânske fuotbalalvetal tsjin Denemarken. Dy wedstryd is nije wike freed yn Horsens yn Denemarken. De oefenwedstryd is ûnderdiel fan de tarieding fan it Nederlânsk alvetal op it WK, oer oardel jier yn Frankryk. Nederlân spilet syn earste echte kwalifikaasjewedstryd yn oktober, thús tsjin Noarwegen.